Yn Fryslân binne wy grutsk op de ferskate taalkultueren fan ‘e regio. Dy meartalige rykdom litte wy graach (mear) sjen yn de iepenbiere romte. Mei it Frysk yn it bysûnder. De provinsje Fryslân spilet in wichtige rol om de taalwetjouwing sichtber te ymplemintearjen. Te begjinnen yn Ljouwert, ynhâldlik stipe troch Lân fan taal en de gemeente Ljouwert. Keunstner Marten Winters en ûntwerper Aad van Altena ha in kreative foarm betocht om taal libje te litten mei rake teksten op sichtlokaasjes yn ús haadstêd.